Ut it skûtsje-argyf 2002
Bealgje oan de skeppe, mei de kroade
wie kondysje foar de rêch,
dy’t bûgde mar net stikken koe,
’t gie op en del as weach nei weach,
de hernia wie noch gjin moade.
Syperda*, de skipper fan De Jouwer,
foar it tredde jier yn tou,
soe op en del, wat net mear koe,
hy kaam net fan de pine ôf,
in operaasje slagge gauwer.
Operaasje ‘Skipper as ferfanger’
wie foar ‘Oeral thús’ net dreech:
Baint Kramer dy’t knap sile koe,
as timmerman wol wend oan heech,
it wachtsjen hoegde dus net langer.
* Peter Syperda |