Ut it skûtsje-argyf 2002
De Capibara-skipper sjocht it wol,
mar hat gjin weet fan ’t âlde spul,
ferlike mei goed hûndert meter lang
is wat hy sjocht mar flauwe kul
en boppedat sit syn skip fol,
mar heger stekt it as it lege rom
fan fjouwer kear sa’n fjirtich ton,
grutskalich op ‘e earste rang.
De fjouwer skûtsjeskippers binne jong,
mar hawwe weet fan ’t âlde laach
dat wrotte dei en nacht in libben lang,
de skoat oan by in skrale flaach
mei ’t rom fol grûn of kowedong
en skûtsjesile foar de priis en rom
fan ’t kampioenskip, fjirtich ton
lytsskalich, mar wol op ‘e earste rang. |