Ut it skûtsje-argyf 2002
Wa fynt it net in krêftich byld:
de skoat yn trijen snarend spand,
de spanning yn de holletearen,
sjoch hoe strak de skipper sylt.
It silen is benammen byld:
de skûtsjes yn de âlde trant,
de skippers mei bekende nammen,
eachopslach fan hoe’t it fielt.
It filmbyld* ropt gefoelens op
as spanning, snarend as de skoat,
de eufory fan de fiktoarje
nei de hiele striid op kop.
De kop giet oer de hiele wrâld:
de fraach oft hjoed it skip wol spoart,
is sichtber yn de holletearen,
fierder lit de wrâld him kâld.
* Yn 2002 is de dokumintêre ‘Skûtsjesilen: hardzeilen!’
fan de National Geography Channel útkommen |