Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Betylûa útdroege

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Hoefolle learzens hawwe stampt
en tsjillen hompend rôle
fan Holofernes optsjend leger
mei in slim strategysk ramt,
it wie yn ’t mâle.

In generaal hie soks betocht
om eigen folk te sparjen:
‘Gjin striid, beset de wetterwellen
fan Betylûa, ús rjocht
om sa te narjen.’

Gjin wetter kaam mear yn de stêd,
’t rûn út op lêste drippen
foar bern, se moasten dy wol telle,
gjin folwoeksene waard sêd…
mei barsten lippen.

De minsken slofken nei it plein
om by ’t bestjoer te kleien:
‘Jou ’t oer, in slaaf hoecht net te stjerren!’
‘Noch fiif dagen,’ is doe sein,
‘ús lot kin draaie.’

Image

* Bibelske keunst fan Azor masters
Yllustraasje ‘De boargers fan Betylûa
kleie oer in tekoart oan wetter’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum