Ut it skûtsje-argyf 2000
De wjukken út, as op termyk
sa driuwe fjirtjin wetterfûgels,
breed de loete en de gyk,
de kalmte makket kûgelsk.
Mei dûbel D rap út ‘e start,
in kûgel foar de trettjin oaren,
prachtich hoe’t it skûtsje fart,
mar sil it hjoed ek score?
De Lemmer tusken D en liuw
heint op it eigen wiet in twirre,
mar wurdt wjukleas as in miuw,
de fraach is: fljocht er fierder?
In Lemster is in seemiuw wend
en wit, in wjuk wurdt gau wer better,
’t giet gewoan, al nei de trend
fan rap op eigen wetter. |