Ut it skûtsje-argyf 2000
Se fielden har net by de tiid,
de skippers fan De Lemmer en Wâldsein,
de âlde rôt en debutant,
mar beide woene winne yn de striid
op ’t eigen wetter fan Wâldsein.
Foar Ype* waard it einlings tiid
om sjen te litten dat it rinne woe,
it skûtsje yn syn nije trant,
’t moast kinne sa’t er by it helmhout siet,
mar oft it mei dy bril wol woe?
Mei Ale ** siet it oars, net fit,
yn ’t wykein koarts en noch net by de tiid;
it hat der by de start om spand,
mar knipe koe De Lemmer, sa’t elk wit,
dat Ale hie de bêste tiid.
* Ype van der Meulen
** Ale Zwerver |