| Ut it skûtsje-argyf 2000 
 Pake, beppe… tankewol,jim ha jim skeamel miel fertsjinne
 op in skûtsje ûnder seil,
 ik spylje no de skippersrol
 en sil foar jimme winne.
 Hellingbaas is noch myn fak,dat mannich skûtsje ha ik lutsen
 op it droege foar in beurt,
 fan warings oer de boech nei ’t flak,
 mar amper reven stutsen.
 ‘Oeral thús’, sa fielt it krekt,it grutste makket my beskieden,
 want it kin net oeral troch,
 ik wit ek dat it djipper stekt,
 mar wa ken net syn dieden?
 Skûtsjematen… tankewol,ik bin no freon fan de kommisje:
 alles nij, ek fok en seil,
 jim binne foar de skipper gol,
 ik sil ’t foar jimme risse.
 * De nije skipper fan De Jouwer |