Ut it skûtsje-argyf 2000
It rûzet de provinsje oer:
de mêst fan Snits moat koarter,
mar ynkoartsjen is in poepetoer,
’t foarútsicht wurdt sa swarter.
De skûtsjes hongen foar in proef,
ien skeaner as de oare,
mar it wetter mocht net yn de roef,
elk skip kriich sa in score.
Guon piipster skûtsjes, rûn fan foarm,
ha net de proefnoarm helle,
op sân skippen klonk reëel alarm,
mar ek it lûd fan skellen.
De SKS bûn daliks yn,
want mei de helte sile,
like op it byld fan lang ferlyn,
doe’t noch gjin proefnoarm spile.
It byld giet de provinsje oer:
Snits hat allinnich ûnder
holden, mar mei Douwe* oan it roer
rint hjoed de Pan foar wûnder.
Foto: Friesland Post juli 2000
* Douwe Visser |