Noch is de grûn beslein mei ryp,
de lêste klappen fan de winter,
dy’t ferliest syn rûge gryp,
want ’t is te sjen, de sinne wint it.
Twa bakken frette bulten op,
der bliuwt gjin wintersk brokje lizzen,
bonkend klinkt de grûnwurk-rop,
dat weiferkear hat neat te sizzen.
De meunsters mei har swier gewicht
ferslaan de wintergrûn, want romme
moat it swarte foar it sicht,
dan kin foar ’t ljocht de maitiid komme.
|