Wat is in ein no sûnder túf,
sa wie swart-wyt syn tinken
troch de winter hinne op it iis
en yn it wek om wat te drinken.
In misstap brocht him fan de wiis:
hy stjitte tsjin de râne
dy’t him skerp snie yn de linkerpoat,
sa kaam er op it iis telâne.
Dus isolearre fan de float
fan eigen túfke-einen,
liet er hingje wêr’t er grutsk op wie,
syn moedfear… koe noch ien him heine?
Wol trije markols wisten rie:
‘Kom fluch nei ’t iepen wetter,
want de winter lûkt de poaten út,
de maitiid leit mei ’t aai ús better.’
Dus naam it eintsje it beslút
om nei it wek te gliden,
wylst de markolblessen joegen hoop
op betterskip en ljochte tiden.
|