Ut it skûtsje-argyf 1999
Dit is wat Snitser Douwe* fûn:
op De Lemmer hie it moatten,
winner wurde mei it doel
op eigen wetter kampioen.
Dit is wat Jouster Anne ** bûn:
poermin starte mei it swarte
perspektyf fan misse boel,
de konkurrint waard kampioen.
De twadde priis dy’t Ljouwert wûn,
wie as Ulbe*** dêrmei boarte,
Turbo hold syn holle koel
en kriich it waarm as kampioen.
* Douwe Visser
** Anne Tjerkstra
*** Ulbe Zwaga |