Ut it skûtsje-argyf 1999
In sterke frou kin hiel wat lûke:
hûndertfjirtich manlju út ‘e wâl
en fierder nei de Sânemar;
’t giet sterke Rixt net gau te mâl,
dochs sil gjin man har hjoed misbrûke.
De Pan kin yn de striid wol gûle,
mar gjin sleep mei Rixt de Snitsers jaan,
want skûtsjesile is har kar;
de trim moat it no ienkear dwaan,
oars reitsje skippers op ‘e doele.
De Heale Moanne wurdt ljochtmoanne
as it earste skot oer ’t wetter klinkt
en fûsten yn de hichte gean;
sels Frits Philips, de âlde, blinkt,
foar ’t skip de finansjele boarne.
|