Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Houlikstsjinner

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Antoine Coypel*

Image

De reis wie swier op Haran oan
foar Abraham syn tsjinner,
hy die it foar syn masters soan,
waard hy ferliezer of just winner?

It gie om ’t finen fan in frou
út Haran wei, de oarde
dêr’t syn famylje bleaun wie, trou
oan heit syn grûn en eigen goaden.

De tsjinner socht om wissichheid:
foar him en de kamielen
wat wetter fan de frou dy’t seit:
‘Ik sil it mei de frjemdling diele.’

Rebekka joech de moeting sin
troch foar de tsjinst te kiezen,
sadat de tsjinner tsjûgje kin:
‘Wa’t wint sa’n frou, sil nea ferlieze.’

* Antoine Coypel (1661-1722)
Skilderij ‘Eliêzer en Rebekka’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum