Ut it skûtsje-argyf 1998
Se wiene beide net yn byld:
de liuw en likemin Emanuel*,
dochs hiene se wol syld
en nei de finish punten teld.
Op Ljouwert wisten se it net,
’t gie min, se sylden yn de middenmoat,
de foarein wie beset,
de twivel sloep by har oan board.
Gjin konkurrint foer yn de kop,
sadat de liuw bleau net oan twivel bûn,
de flagge koe yn top,
want Ljouwert wie al kampioen.
It wie foar ’t earst dit skûtsjejier
dat Earnewâld foer wis en fier derút,
’t jûchhei foel net sa swier,
noch lichter fielde doe de tút.
* Namme fan it Earnewâldster skûtsje |