Wa’t keninklike harker is,
lit alle lûden heine
troch it triljend trommeflues,
mar wurdt it flok of seine…
nea is hy syn libben wis.
Hy draait syn earen nei muzyk
en dûnset oer de treden
yn it keninklik paleis;
dit boadskip is de reden
fan in libben licht en ryk.
Mar hearsket stilte op ‘e dyk,
dan sil der ûnheil komme,
want de boalsfeint spant it flues
en slacht op slach de tromme…
triljend wurdt de harker lyk.
|