Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oprop ta timpelbou

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

’t Is tiid foar dizze tiding
oan de lânfâld, pryster en it folk,
as godsman tsjinje ik as tolk,
it wurd jout oan de liedslju lieding:

Jim bouden wol jim wenten,
kamen yn dit lân wer ûnderdak,
mar pún leit op it timpelplak,
de Iene hat sels noch gjin tinte.

Lit it dwaan en litten yn jim omgean:
Siedde hawwe jim, mar amper rispe.
Fan it iten wurde jim net sêd.
Drinke dogge jim, mar giet de toarst wol oer?
Mei de klean oan trilje jim noch as in blêd.
Wol jim lean, mar  yn de ponge hâlde is in toer.
Lit dit dwaan en litten yn jim omgean.

Gjin frucht kaam út ‘e ierde,
want de himel hold de dauwe yn,
der striek oer ’t lân in droege wyn,
de Iene hie neat mear te bieden.

Jim hannen út ‘e mouwe,
gean de bergen yn en kapje hout,
wat nije moed ta bouwen jout,
sa kinne jim op God fertrouwe.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Profeet Haggai’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum