Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nahum

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Yn Elkos bin ik berne,
Nahum, treaster sa’t ik hjit,
bekend as ek ferflokker,
fan út it skaad nei skroeiend hjit,
profeten moatte beide kinne.

De Iene komt mei twirren,
smyt it stof de hichte yn
en lit de see ferdroegje;
de bergen skodzje fan de wyn,
syn grime wurdt al field fan fierren.

De Iene wol it goede
foar it folk yn grutte need,
befrijt fan jok en bannen
en makket Juda’s wei wer breed
nei Sion, wenplak sûnder noeden.

* Ikoan ‘Profeet Nahum’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum