Ut it skûtsje-argyf 1967
Dêr farre se, de ljochte goarre,
’t wyt fan ’t liuwke en fan Siete
en de piskleur fan De Lemmer;
soest by heech en leech net swarre
dat se sa ’t komôf ferskite?
Dêr sile se, de grutte griene
mei de swan en Earnewâld syn
brune neffens de tradysje:
’t suden woe de gerskleur liene,
heger gie de turf de wrâld yn.
Sjedêr hoe’t beide skûtsjes flokke,
Snits as griene, heech de poarte
en it sekseil fan De Lemmer
leech as sakke broek op sokken…
soed er hast wer pisje moatte?
|