| Ut it skûtsje-argyf 1997 It wie it ôfskie fan ’t katoen,noch ien kear kriich it op ‘e hûd
 troch wynkrêft fiif, dan del foargoed,
 hok túch waard lykwols kampioen?
 It Lemster hie de put derút,mar ’t woe noch op ‘e lêste dei
 mei fiif en eigen krêften nei
 plak ien, wat slagge ta beslút.
 It Feanster hie in dikke reefen mei de wyn in hecht ferbûn,
 as twadde waard it kampioen,
 it skipperseach wie goed op dreef.
 
 Hy hold it each skerp op ’t katoenen hat sa trije tuten wûn.
 
 |