| Ut it skûtsje-argyf 1997 
 Foar de sart hat it al stûkeby de Heale Moanne, doe’t de gyk
 yn ’t want bedarre, gjin panyk,
 de reparaasje barde op ‘e lûken.
 ’t Duorre mear as seis minutenfoar’t de Heale Moanne wie fan start.
 ‘Gjin tinken oan,’ sa waard der sein,
 ‘dat Piter* noch in kânske hat.’
 Dochs alfde… ’t reparearjen die fertuten.
 Douwe** koe de sege rûke,’t kampioenskip lei ek foar de hân,
 dochs waard de Pan troch ’t Fean ferslein,
 de skipper hold by ’t roer gjin stân,
 rûn mei de hân foar eagen op ‘e lûken.
 
 * Piter Brouwer** Douwe Visser
 |