It barde by de Grienedyk 
dêr’t drige mannich djippe sleat 
yn ’t lege lân fan de Legeaen, 
it gie dêr op ‘e kop ferkeard: 
twa tsjillen sonken yn it slyk.
  
It wie in flinke boeresoan 
dy’t op ‘e âlde trekker ried 
troch ’t leechlân fan Legeaen, 
hy fluite skel in fleurich liet, 
de motor song op leger toan. 
  
It barde fluch en ûnferwacht, 
de pook stie yn de achterút 
op ’t leechlân fan Legeaen, 
de trekker joech de sleat in tút, 
de soan stie stil by him op wacht. 
  
It duorre lang foar’t útkomst kaam 
dy’t ride moast út Offenwier 
yn ’t leechlân fan Legeaen, 
syn heit hie him wol sjoen wiswier 
en ried oer reed en hikkedaam. 
  
It bearde lûd, de trekkersong 
fan skuor mar ta, it droege op 
fan ’t leechlân fan Legeaen, 
de soan stie stil mei sletten kop, 
wat moast er oars, hy wie noch jong. 
  
It gie flitsfluch, dêr wie er wer 
de trekker… en de boeresoan 
op ’t leechlân fan Legeaen, 
hjoed wie de crash, mar oaremoarn 
dan ried er wer, de trekkerstjer. 
 
  |