Ut it skûtsje-argyf 1997
It giet nei ’t suden ta,
in romte as de wide see
foar skippers om deryn te batsen
mei de mûle fan no sa,
de noas fol fan DE.
De tosken opinoar,
de tearen as de fokkeskoat
sa strak, de eagen lykas spjaltsjes,
’t is de fokkenist syn kar:
de twadde man oan board.
Hoe’t Yme* hjoed ek fjochtsjend skuort,
De Jouwer krijt it tsiende skot.
It hiele lichem plat,
de spieren fan de spanning strak,
de eagen sjittend nei de finish…
wat wurdt hjoed it skipperslot,
it tredde of it lêste plak?
Hoewol’t er oer it boeike fart,
is ’t as foar Ulbe** ’t wûnder bart.
* Yme Waterlander fan De Jouwer
** Ulbe Zwaga fan Ljouwert wurdt
tredde by Terherne,
om’t Berend Mink it protest ynlûkt |