Ut it skûtsje-argyf 1997
Klaas Jansma hie as kommentaar,
guon skûtsjes sylden mei in knik,
’t gie rap mei alle wyn en waar
en ’t joech de skippers ek in kick.
It wie de striid fan rap tsjin rjocht,
de skippers strieden fûl foar rap,
tradysje hie it oars betocht
en focht tsjin elke hippe grap.
Dus kaam elk skûtsje op ‘e wâl,
wat soarge foar in protte praat:
‘Dit hip gedoch giet fierste mâl,
in test mei ’t laserapparaat!’
’t Begûn mei ’t praatsje fan Klaas Knik,
soks lei no ienkear yn syn aard:
‘Foar beide, rjocht en rap, bin ik
en foar it laserapparaat.’
|