Us mem… en nei’t se weiwaard
achter skiere kimen
dêr’t dit libben ophâldt,
lei heit har fleurich aard
op nammeboerd yn twafâld,
glânzjend as de serafs,
oan wjerskanten fan de boat.
Us mem dy’t, letter werberne
yn namme út ‘e skoat
fan dochters, ’t libben trochjoech
oan bernsbern dy’t har kenne
as glânzjend wer yn twafâld:
bylden yn in rjochthoek
en út ‘e âlden har ûnthâld.
Us heit dy’t, skipper-ôf,
de buorden naam fan ’t board,
dat de namme fan syn frou
trochklonk yn in oare soarte
fan libben op it wetter:
glânzjend folle letter,
wer twastimmich it akkoard.
En doe’t ús arke leechrûn,
gie wer har namme mei,
hoe mannichfâld ferbûn
mei libbensglâns en -gloarje
en hoewol’t se weiwaard
achter skiere kimen,
soe nea har lûd feroarje.
|