Ut it skûtsje-argyf 1995
It wie dy deis noch tropysk hjit,
mar op De Fluezen stie wol wyn
foar alle skûtsjetroepen
mei op ‘e holle streamend swit,
fan ’t sâlt by it lavearjen blyn
en ’t bloed sa tin as sûpe.
It spande yn it lêst derom,
want elke wedstriid telde foar
de kompetysjepunten,
it gie úteinlik om de rom,
mar troch it sâlt wie ’t yn de war,
it tinne bloed woe stunte.
De Jouwer rekke út ‘e liken,
moast foar Wâldsein oer bakboard wike.
It klapte oer de hiele mar,
de trommefluezen trillen, ek
fan alle skûtsjetroepen,
troch sinnebrân sa brún as tar
en mei de ein hast yn de bek,
hie elk ferlet fan sûpe.
De Snitsers lieten dat net blike,
sy hoegden foar gjinien te wiken.
|