Ut it skûtsje-argyf 1995
Terherne, doarpke op in droege pôle
tusken puollen en de Snitser mar,
de skippers nimme dy foar kar,
do hast de romte tusken fiere wâlen.
It nauwe wetter fan wol trije plakken,
Grou, De Feanhoop en ek Earnewâld,
beheint de skippers, nei dy wrâld
sjocht elkenien foarút nei lange rakken.
It skot, de start leit iepen by Sânwâlden,
klinkt foar fjirtjin as begjinsalút,
de skippers sjogge no foarút
en sille ’t each op alle twirren hâlde.
De romte fan Terherne wiist de plakken
yn de striid, de earste krijt de bút,
sjocht achterom by ’t einsalút,
de Snitsers ha se allegear te pakken.
|