| By gelegenheid fan de tsjerketsjinst op 25 septimber 2005 yn Itens
 
 
   Noch hinget oer it gea it djippe griis,mar hark, de moarntiid ropt it ljocht,
 dat by it lieden fan de klok ferriist
 foar ’t each dat noch gjin skerpte sjocht.
 Earst troch de djipte fan it Wurd dat klinktoer Him dy’t troch de djipte teach
 fan ûnrjocht, dêr’t de hoop op rjocht yn sinkt,
 dan dochs it ljocht wer sjocht en seach.
 No ljochtet oan de loft de wite wolken sjoch, it djippe griis waait oer,
 it gea is fol fan optsjend, rjochtút folk,
 dat opsjocht nei de iepen toer.
 
 |