Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Marat

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Joseph Boze*
fan Jacques-Louis David**

Image

Marat, in man fan wittenskippen,
dokter, fysikus en filosoof,
en as politikus fol fjoer;
foar mannich tsjinstim wied er doof,
it bloed soe fan syn fingers drippe.

Marat, in man fan tûzen wurden,
sprekker, skriuwer, ek noch sjoernalist,
gjin strjitreboelje sloech er oer;
hy wist mei wissichheid: dit is ’t,
it oare koe om him ferwurde.

Marat, ferskûle yn rioelen
as in strjitpolitikus yn noed,
de revolúsje waard in toer;
it ôffal sloech him op ‘e hûd,
fan jokte hat er jierren woele.

Marat, as woeler moast er baaie
tagelyk yn wetter en yn bloed,
de moardnersdolk koe hy net oer;
hy hie gjin tiid mear foar in groet,
liet wol de earm noch efkes swaaie.

Image

* Joseph Boze (sirka 1746-1826)
Skilderij ‘Portret fan Jean-Paul Marat’

** Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘De dea fan Marat’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum