Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Deade oerwinning

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Benjamin West*

Soms liedt it winnen ta de dea
en fiert de strider gjin fiktoarje,
mar syn lân ferleit de grins:
oer wegen hinne ’t nije gea.

In wolf giet mei de troep op jacht,
syn proai kin dêroan neat feroarje,
oars as legers oer de grins,
dan giet it inkeld om de macht.

Lit Wolfe mar gean, de generaal
fan Ingelân oer weagen hinne
om de Frânsen te ferslaan
yn Kanada, in tryst ferhaal.

De klim nei Quebec wie al dreech,
wol tachtich meter om te winnen
dekking om in slach te slaan…
lang libje ’t heitelân, ja heech!

Lit Wolfe net gean, dat is fataal
om nei de sege feest te fieren,
want ferlein is no de grins,
sjedêr de deade generaal.

Image

* Benjamin West (1738-1820)
Skilderij ‘De dea fan generaal Wolfe’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum