Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Prúkhearen

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Maurits Quinckhard*

Image

Dêr ha wy har, de dame-hearen
fan it Ambachtsbernehûs,
de ljochte prúk op foar de sier,
de skjinne hannen yn de sûs,
it lege brein wol yn it spier,
model om berntsjes wat te learen.

De generaasje mei de graasje
fan it eigen loftkastiel,
hjir oanwaaid út it Frânske ryk,
religy foar de swiete siel,
fan bûten allegear gelyk,
in foarbyld fan degeneraasje.

It hier, troch froulju generearre
út ‘e earmste wiken wei,
moast skjin en yn it weachmodel,
sa waarden hearen dame mei:
Jan Knilles yn de hûd fan Nel,
it hat oan sicht op bern mankearre.

* Jan Maurits Quinckhard (1688-1772)
Skilderij ‘Kolleezje fan reginten’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum