Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Willem IV

Skiednisbylden
PDF Print E-mail

fan ûnbekend*
 

Wit in berntsje hoe’t it rinne sil,
de op- en delgong fan de tiid?
It hat gjin stjoer noch oer syn wil,
is mei syn boartershynder bliid.

Lytse Willem foel fan ’t hynder ôf,
in smak de kant út fan de dea,
de kromme rêch wie bûnt en blau,
wat wiisde op trochrinnend skea

Puber Willem moast wol oan de frou,
in faze fan wol tolve jier,
garânsje foar de houlikstrou,
foar trou oan ’t lân wie ’t noch te ier.

Image

Oarlochsdriging rôp prins Willem op
as hâlder fan de heechste macht,
syn opgong rekke nei de top,
de delgong lei noch yn de nacht.

Rike pachters fan belestingjild
bestielen jierrenlang it folk,
mar Willem hold him bûten ’t fjild
fan rjocht, wie net de rjochte tolk.

’t Rûn foar Willem by de hichte del,
de rêch waard krommer, koe gjin macht
mear drage, rekke bûten stel,
de prins glied stadich yn de nacht.

* Skilderij ‘Portret fan steedhâlder Willem IV’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum