fan ûnbekend*
Jona kaam wer op it dek
en seach dat de bemanning lotte,
hy kriich de skuld, stie dêr foar gek,
it wie de stoarm dy’t him bespotte.
’t Skipsfolk frege wa’t er wie
en wêrom ’t sa fûleindich stoarme.
De oerstek wie net nei Gods rie,
dus moast er tajaan dat er doarme.
Deabenaud waard elkenien,
de weagen soene har oerspiele,
mar Jona hat in útstel dien:
gjinien soe ’t needlot mei him diele.
’t Skipsfolk rôp de Iene oan:
syn ûndergong soe har net reitsje;
de stoarm joech rie op hege toan:
se koene wurk fan ’t útstel meitsje.
Jona waard op hichte tild
en yn de wylde weagen smiten,
de see en ’t skipsfolk wiene stil,
wa soe de doarmer wat ferwite?
* Tekening ‘Jona wurdt oerboard goaid’
(sirka 1540-1550)
|