Ut it skûtsje-argyf 1992
Wol of net troch ’t Grytmansrek,
’t hat wol wat om de hakken
foar ’t publyk, dat sicht hat op it swurd
en heart fan ’t skip elk spannend wurd,
mar oft it kin mei sokke bakken?
Net foar ’t arkje, ek in bak
mar fan beton en planken,
dat de skûtsjes net ferneare koe
en op ‘e baren sinke soe,
it wie oan ’t eigen rek te tankjen.
Dan mar net troch ’t Grytmansrek,
mar wol by Iesicht gypje,
wat in skûtsje net ferneare koe
en oare skippen reitsje soe,
de skippers woene messen slypje.
Hâld de holle dan mar koel
om skea te reparearjen
yn de wedstriid oan it bakboardsswurd,
foar ’t wâlpublyk gjin spannend wurd,
it koe de fierte net wurdearje.
|