Ut it skûtsje-argyf 1992
Se binne los, foar ’t earst fan ’t jier,
’t wie by it starten noch ien front,
de skiere kopgroep is al fier
de Ie op, ’t lêste skip showt mei de kont.
De foarsten stekke grutsk de kop
op, foar de wyn de Tynje troch,
dy smelle trochgong ken gjin stop,
teminsten sa net, mar wat komt der noch…
De Jouwer slacht foar master op
oant oan de wyn de Tynje slacht
fûl ta, foar ‘Oeral thús’ de strop:
fan ien nei fiif, as hie it skip de fracht.
Sa keart de Tynjewâl it skip,
de kop yn ’t reid, de kont op sleep,
net oeral thús dus, mar ferhip,
de Tynje hat Philips ek yn de greep.
|