Ut it skûtsje-argyf 1992
De âldste fan heit Ulbe en mem Akke
hie gjin kâns mear yn de striid
fan ’t libben en fan ’t silen,
yn de winter wie ’t syn tiid,
dan kin men gjin oerwinning pakke.
Hy die syn eagen iepen op ‘e griene,
waard mei ’t skip ek kampioen,
koe grut en lyts wol stjoere*,
wie net oan in mjitte bûn,
hy stie bekend as Rienk, dy iene.
Behalve yn in achttal advertinsjes
kaam syn namme op it board
fan Ljouwert, as Rienk Ulbesz
sylde hy wer yn de float,
al wie it net mei sa’n pretinsje.
* Yn 1969 waard Rienk Zwaga kampioen
mei it grutste skûtsje fan de float (Langwar),
yn 1979 mei it lytste, de Súdwesthoeke. |