Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brulloftsliet

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat bin ik oars as swalker
dy’t optilt fan gefoel
oer ’t bloeien fan de tiid
en sweevje as fertolker
fan brulloftsbermen yn myn liet.

Image

Ik fyn op ’t lid in skyfke
fan sulver mei in doel,
mar hoe wit ik it liet
fan leafde fan dat wyfke,
wannear’t der net in laptop stiet?

Image

Dan rin ik flugger fierder
op gers dat hurd en koel
ferwiist my nei papier
oer ealfrou en har ridder,
fereale, mar it kealle swier.

Image

Hoe soe ik dan net fleane,
werom foar myn gefoel
nei brulloftsbermen dêr’t
no trekkerspoaren steane
en as se meane, bin ‘k te let.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum