Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar en achter

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

It komt der faak op oan by roer en skoat,
de rêch tsjin ’t hout, de hân ta fûst,
mar op de Fluezen hâldt de wyn him koest,
dochs binne alle spieren spand oan board.

Image

De brune fan De Jouwer lûkt it net,
lit achter mar in sunich spoar,
hoewol’t se hâlde, keare, mar dat ’s foar,
de boom en loete binne heger set.

By Boalsert achterop is ’t jongfolk baas,
want Eldert* hat in hernia
en kin de rêch net tsjin it helmhout ha,
de soannen wurde tredde… topgeraas!

Image

* Eldert Meeter, heit fan Siete (roer)
en Pieter (skoat)

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum