Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Starums slachfjild

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1991

Image

Yn Starum hie it folk de hichte socht,
wylst bern har op it strân fermakken
mei wat oars as ’t skûtsjespul,
foar dûbel L* in wreed gefjocht,
want Jelle** naam rûch Rienk*** te pakken.

Al yn Terherne hie it oarloch west,
wat útrûn op in flop foar Jelle,
dus gjin frede, earder wraak
op Starum mei in bakboardstest,
mar ’t wie de fraach oft hy dy helle.

Image

De fjildslach barde by de boppeboei
mei as kanon de lange loete,
sjittend oer de liuw syn roef,
it achterdek kaam yn de knoei,
foar Jelle blaam en ek in boete.

De striid hat west, mar nimmen wit de rest;
dêr fart er, oer de streek as twadde,
nêst Wâldsein, dy’t earste waard,
de priis en preemje fiele bêst,
mar net wat op it slachfjild barde.

Image

* Ljouwert en De Lemmer
* Jelle Reyenga
** Rienk Zwaga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum