Gjin boerd stie yn it iepen fjild
doe’t noch de kleasterklok belette
de tiden fan gebed;
de swierte fan it houten tsjil
hie spoaren yn de modder setten
foar ’t bouwen ier oant let.
Dit Thabor fan Rienk Bockema
brocht lykwicht dat syn swiere sûnden
net fierden nei de hel;
as muonts soed er fersoening ha,
de wissichheid syn spoaren rûnen
net libbenslang mear del.
It rûne boerd stiet hjoed de dei
mei read tsjin blau en meldt de swierte:
mei tsien is it wol dien;
it asfalt fan de Thaborwei
kin him mei Rienk syn paad net mjitte:
syn langte is goed ien. |