Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flokke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As jonkje stie ik foar it rút
te sjen nei tongerwolken,
heger steapel as myn blokken
en de wjerljocht skeat derút.
Ik rôp doe: ‘Beppe sjoch, de bliksem!’
‘Stil,’ sei beppe, ‘dat is flokken.’

De tonger klapte tsjin it rút,
it glês soe daliks brekke,
tûzen stikken om te stekken,
al myn bloed rûn der dan út.
Ik kroep doe achter beppes rokken,
gûlde: ‘Ik sil noait wer flokke!’

In poster hinget achter glês
om flokkers yn te stekken
dat it fallen meastal brokken
jout, mar frjemd, as ik dat lês,
begjint it jonkje wer te flokken:
‘Bliksem beppe, ’t sil net brekke!’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum