Ut it skûtsje-argyf 1990
Wâldsein, it skûtsje yn de rêst,
de molewjukken yn it krús,
it plaatsje op syn bêst,
sa binne beide thús.
Mar lizze ûnder seil is gjin Wâldsein,
dus lit de wjukken draaie
en draai it túch de hichte yn,
dan wurde slaggen slein
mei skoander waar en wyn,
want hjoed sil ’t waaie.
De mar fan Heech, de wolken as dekôr
foar op ‘e foargrûn striders
dy’t foar de heechste eare gean,
de hals noch heech, want foar
de start hoecht ’t skip net skean,
dat bart troch dieders.
De die by ’t wurd, dat oer de weagen sjit:
‘Wy lizze bakboard, draaie
en gau wat, bliksem, oars protest!’
De holle wiet… fan ’t swit:
‘Wy hiene der hast west,
mar lit mar waaie…’
|