Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untdien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hjir lis ik dan, ûntdien fan swurd en gyk,
myn winstersk plak, yn rêst beferzen,
yn ’t nachtlik ljocht te kyk foar gjin publyk:
soe dat myn foarlân wêze?

Ik hie myn gloarjejierren lang ferlyn,
gjin konkurrint koe my besile,
foar of oan de wyn, de gong siet der goed yn:
soe sa de takomst fiele?

De âlde generaasje joech myn roer
oan jonge hannen dy’t mei faasje
stjoere woene, mar myn gloarjetiid wie oer:
wie ik al út ‘e graasje?

Gean ik myn âlde maten achternei
dy’t ruile binne foar in oare?
‘k Bin alhiel ûntdien fan dizze wrâldske wei:
wa’t bliuwe wol, moat scoare.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum