Atlantis, eilân yn de oseaan,
hie hege bergen as in taflechtsoard
yn tiden dat it folk matearje
heger achte as de fûgels yn de baan
fan stjerren, sadat stêd en lân fan moard
en deaslach skodden, ’t wetter heger
kaam oant ek de toppen ûnder strûpten.
Wêr sille Friezen hinne as de see
de dyk oer krûpt en ’t roppen moard en brân
gjin rêding biedt oan de matearje,
yn noch heger oansjen as it faaie fee.
Dan leit as terp in stienbult yn it lân
nêst pealtsjes dy’t it wetter leger
hawwe wolle, grêfstien foar fersûpten.
|