Slachtedyk dy’t iensum troch de ieuwen hinne
foar ’t bedrige folk de see fersloech,
mar selden koene weagen ’t fan dy winne.
Inkeld trije huzen ha har oan dy klamme
op dit plak dêr’t romte harren droech
en selden mar hast yn de need dy skamme.
Tusken rûge stoarmen yn woest rêst en romte
dy’t folslein behearden ta dyn foech,
sa koest genietsje fan it fee en blomte.
Mar sy slaan foar massamaster op, de minsken
mei har kilometers foar de boech,
dy’t slangekronkels yn it rinnen winskje.
Dan de âlde master, inkeld mar as rinner,
dy’t dy, Slachte, mei troch ’t libben droech
en do ek him, jim beide binne minner.
|