It barde yn Reahûs,
it doarp dêr’t read de kleur
wie fan de fjirtjin staasjes
rinnend bluodrich fier fan hûs
en tichterby de graasje
fan ús Sinteklaas dy’t fleur
oan ’t jonge libben joech,
mar boppe-al de flecht
fan ’t flinterke dat droech
op reade wjukken blauwe
wurden fan de berch echt
wier fierder as Blauhûs.
It hold wol fjirtjin kear de wjukken yn,
fernaam de bloeddrip, roek de soere wyn.
It saaide del op ’t famkes tichte each
en fielde ’t drippen foar’t it fierder fleach.
It wjukke by acht kleurefinsters lâns
en ’t lok joech oan har tinten noch mear glâns.
It heinde hege wurden fan it koar
en droech dy dûnsjend nei de tsjerkedoar.
Doe fleach it dêrmei hiel de ierde rûn
en dripte read oant yn de lette jûn.
Foto glês-yn-lead finster fan Karel Andringa, Reahûs |