september 20, 2016
Ik bin him twa kear tsjinkommen, de earste kear op ‘e begraffenis fan in âld-learling fan my dy’t it fan de kanker net winne koe. Hy stie skean achter my. Wylst de kiste sakke, hearde ik him flokken. Ik draaide my om en moat knikt ha, want doe’t ik him letter wer tsjinkaam, diskear op in antyslipkursus yn Ljouwert, sei er dat de knik him wat dien hie. ‘Wat?’ frege ik. ‘Ik ha dêr in gedicht oer makke.’ ‘Do makkest my nijsgjirrich.’ ‘It komt net foar publikaasje yn oanmerking.’ ‘Lêze litte is wat oars as publisearje.’ ‘Wêrom soe ‘k?’ ‘Omdat iksels ek dichtsje.’ De knik krige in ferdjipping dy’t fierder net ta útdrukking kaam, want de ynstrukteur lei út hoe’t wy remje moasten. Nei de kursus joech ik him it adres fan myn thússide foar it gefal dat… Doe’t ik ûnderweis wie nei hûs flitste it troch my hinne dat ik syn mailadres net krigen hie, sels syn namme net wist. It iennige wat ik dwaan koe, wie dizze tekst publisearje mei foar him dit gedicht: Doe’t syn geast begûn te slippen De ôfbyldingen fan de keunstwurken yn de rubryk ‘Jereims’ 1. J.W. Waterhouse, betoverd door vrouwen 2. Symbolisme 3. Dreamscapes en fan ynternet |
november 19, 2024
november 12, 2024