Ut it skûtsje-argyf 1988
Jonge skippers binne wyld
en ha de skûtsjewrâld te winnen,
dus fernije… wat tradysje!
As it skip mar flugger sylt,
dan bruit it der wol hinne.
Jelle* lykwols wie te wyld,
sa fûn de stielen skûtsjeplysje**.
Dus De Lemmer moast werom
nei ’t âlde, mar mei hjitte koppen,
bealch en bekken fol ambysje:
hiel it stribjen wie nei rom,
se soene it fier skoppe.
Jelle sylde as in wyld,
koe wyn en weagen maklik hysje.
Wêr bleau nestor Loadewyk***,
noch yn gjin jierren pensjonearre,
tûke skipper mei tradysje.
’t Wetter kaam tichtby de gyk,
mar Jelle triomfearre.
* Jelle Reyenga
** Orizjinaliteitskommisje
*** Loadewyk Meeter |