De wei is rjocht
en alle streken komme byinoar
wêr’t ik nei socht:
’t ultime punt, de gouden stêd, it himelsk koar,
mar sjoch, der hinget dize foar.
De wei mei bocht
en tizeboel fan lizzend lizeguod
berin ik sljocht
weihinne, want der is gjin punt of stêd of koar
en dochs, de hope rint net fuort.
|