Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fryslân haadstêd

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Vries, oprjocht en sljocht Friezinne,
seach as deputearre nei de fierte
fan de jierren, want wa wol net o sa
graach de wei berinne om te winnen:
Fryslân kulturele haadstêd fan Europa!

Wat haadstêd moast it wurde,
Ljouwert, Drachten of dochs Snits?
De striid is net ferhurde,
mar kreëarre earder yn in flits.

Image

De flitsen fan ideeën
fleagen oer ’t ahapapier,
se weagen op ‘e seeën,
farrend fan tichtby nei jierren fier.

Image

Mar gean net nei de fierte
as de Fryske skuorre swingt;
bewarje ’t âlde witten,
earst beharkje wat it jonge bringt.

De Fries, oprjocht en ljocht fan sinnen,
debutearret op ‘e sljochte basis
fan syn lânskip, gea en geast, wol o sa
graach de wei berinne om te winnen:
Fryslân kulturele haadstêd fan Europa!

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum