It leauwen stribbe eartiids fier omheech,
hoewol’t it dreech wie om in toer te bouwen,
kraaide ’t hoantsje draaiend de fiktoarje,
wylst it tsjerkfolk song fan godsfertrouwen.
It iene folk belied syn sûnden, leech
it libben, ’t oare koe syn lot feroarje
troch in ouwel en in sjitgebedsje,
wylst it hoantsje kraaide de fiktoarje.
Mar ierdske beammen groeie stadich heech,
te fluch noch om it daliks te befetsjen
hoe’t de godsferhâldings wrâldsk feroarje,
elk draacht hjoed de dei in eigen petsje.
In pet as toer, de oare liket leech
te wurden tusken beammen en lantearnen,
mar in plant kin sels troch ’t asfalt boarje,
lit it draaiend hoantsje dan mar fleane.
|